Kompetysje keatsen omloop 5
Ik naam foar twa perken ark mei en dat wie genôch, klokslach healwei achten kaam Reinder wêrtroch we 8 man/frou op de list hiene. Nei wat ynslaan hie ik de partoeren yndielt en oan de útslaggen te sjen wie dat dizze kear in juste kar. Yn it earste perk hie ik Jan Heida en Wisse Arends tsjin Jelmer van der Valk en Jesse Cuperus. Jan en Wisse gongen vliegend fan start en stiene yn no time mei skjinne trije earste foar. Mar doe begûnen Jelmer en Jesse op stoom te reitsjen en kamen gelyk. Dernei bleau it spul yn lykwicht wêrtroch it sels noch 5 earsten gelyk wurde koe. Bij 5-5/6-6 sloech Jan de bal bûten en dertroch gong de oerwinning nei de twa J’s Yn it twadde perk keatsten Debby (mei nij slachwapen) en Jan Watze tsjin Halbe en Reinder. Hjir gong it prachtich gelyk op. It waard 1-0 doe 1-1 doe 2-1 doe 2-2 doe 2-3 doe 3-3 doe 4-3 doe 4-4 doe 4-5 en doe 5-5 net te leauwen. As Jan Watze syn opslach in lyts bytsje mear tusken de lyntsjes wiene dan hiene Halbe en Jouke net in earst hân mar ja as.... Mar even wer werom komme op 5 earsten gelyk: doe sloeg Halbe twa ballen bûten en Debby de keats foarby wêrtroch de winst mei 6-2 nei it partoer fan JW en Debby gong. We ha geweldich keatst mei in protte tusken spul, moai waar en in lyts bierke nei de tiid, ik soe sizze nije wieke mar wer wat mear keatsers op it fjild sadat 2 perken te min binne! De utslagen Jan & Wisse -> Jelmer & Jesse 5-5/6-6 Jan Watze & Debby -> Halbe & Reinder 5-5/6-2
Geplaatst op 11 June 2016